Achtkarspelen krijt klachten oer struiwurk by glêdens

14 jan 2016 - 12:26
  • Previntyf struie (argyffoto)

Nei oanlieding fan klachten fanút ferskate doarpen yn Achtkarspelen oer it struiwurk fanwegen de glêdens ôfrûne wike, hat de FNP-fraksje fragen steld oan it kolleezje. De partij wol fan boargemaster en wethâlders witte oft der tenei by glêdens fuortendaliks yn de hiele gemeente struid wurde kin. En oars yn alle gefallen by koade read, seit de FNP.

De partij fynt it ûnakseptabel dat de diken yn de doarpen sa gefaarlik glêd wurde lykas yn de ôfrûne wike. De fytsrûtes fan de skoalbern soene tenei ek allegear struid wurde kinne, seit FNP.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)