BFVW start petysje foar behâld fan it aaisykjen

14 jan 2016 - 12:00
  • In ljipaai

It BFVW, it Bûn fan Fryske Fûgelwachten, begjint op syn webside in petysje foar it aaisykjen. Neffens foarsitter Rendert Algra fan it BFVW wurdt de wearde fan de neisoarch dy't by it aaisykjen heart, ûnderskat. It Bûn is benaud dat mei it ôfskaffen fan it aaisykjen, it tal neisoargers rap ôfnimme sil.

Om foar te kommen dat dêrmei de beskerming fan de greidefûgels ferdwynt, is it BFVW no de petysje begûn.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)