Learlingen Sint-Anne helje hast 1000 euro op mei lesmaraton

Learlingen fan de Middelsee Kampus yn Sint-Anne hawwe in lytse 1000 euro ophelle mei in 24-oers lesmaraton. It jild is bedoeld foar de bou fan in skoalle yn Uganda. De namme fan de aksje wie "Wij een nieuwe school, zij een school", ferwizend nei de nije skoalkampus yn Sint-Anne.
De lesmaraton begûn woansdeitemoarn en bestie út allegear lessen. Yn de nacht wie der ûnder oaren in gymlearaar aktyf en waard der in yogales jûn. Ek is der in film toand.
De hiele skoalle die mei oan de aksje foar Uganda, mar allinnich de klasse fan Willy Faber die mei oan de lesmaraton fan 24 oeren. Oare klassen organisearren aksjes lykas in lotterij en in keunstfeiling.