"Lichaamlik kontakt yn soarch bliuwt nedich"

Der moat ek yn de takomst romte wêze foar lichaamlik kontakt yn 'e soarch. Dat fynt heechlearaar soarchetyk en âldereingenêskunde Marian Verkerk. It is bytiden krekt dy hân op je skouder dy't makket dat je treaste wurde, seit Verkerk, dy't ek lid is fan de ried fan tafersjoch fan Zorgpartners Fryslân.
De ynspeksje foar de sûnenssoarch sei ôfrûne desimber yn in tuchtsaak noch dat elts lichaamlik kontakt dat fierder giet as fûstkje, te fier giet. Frou Verkerk begrypt dat net: dêrmei krije je neffens har 'in kâlde foarm fan soarch'.
"Een mens is niet alleen geest. We hebben naast behoefte aan praten ook behoefte aan lichamelijk contact.' Dochs bliuwt it oppassen, fynt parsefoarljochter Sandra Schreuder fan it tuchtkolleezje foar de sûnenssoarch . As it lichaamlik kontakt ûnnedich is, moatte je it net dwaan. Se is it der wol mei iens dat it yn guon fertrietlike situaasjes lichaamlik kontakt nedich wêze kin. "Maar uitgangspunt is wel: de cliënt moet erop kunnen vertrouwen dat het helemaal veilig is,"' sa seit Schreuder.