"Kriminelen brûke âlde loadsen Schuurmans yn Ljouwert"

Loadsen op it terrein fan it eardere Schuurmans fjoerwurkfabryk yn Ljouwert wurde brûkt troch kriminelen. Dat seit Jaap Hoekstra fan Easterein. Hy is ûnder oare eigener fan 'De Fabryk' en it gebou fan it eardere Swettemeubelen. Omdat dêr in soad ynbrutsen waard pleatste hy kamera's. It slagge him om twa ynbrekkers op 'e die te trappearjen en oan de plysje oer te dragen.
Oan de hân fan gegevens fan de dieven koe in part fan it stellen guod weromfûn wurde yn ien fan de loadsen op it Schuurmansterrein. Hoekstra tinkt dat dêr mear lizze kin.
Hoekstra is dan ek fan betinken dat de plysje sa gau as mooglik it terrein ûndersykje moat. Dy wegeret lykwols. In wurdfierder seit dat der net genôch bewiis wêze soe om samar nei binnen te gean.