Tuchtkommisje KNVB straft Futsal Cambuur: trije punten kwyt

13 jan 2016 - 17:19

De tuchtkommisje fan de KNVB hat sealfuotbalklup Futsal Cambuur trije punten yn mindering brocht nei oanlieding fan in fjochtpartij mei spilers fan De Herauten út Burgum. Boppedat moat de Ljouwerter klup in boete fan 200 euro betelje. As der dit seizoen nochris soks bart, wurdt Futsal Cambuur út de kompetysje nommen.

Begjin desimber wie der slaanderij nei ôfrin fan in wedstryd. Dêrby rekken twa sealfuotballers fan De Herauten ferwûne oan de holle. Futsal Cambuur kin noch tsjin de útspraak yn berop gean.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)