Update: Deade pup Ljouwert wie 6 wike âld en heale stabij

De deade hûn, dy't tiisdei yn stikken yn it rivierke de Potmarge yn Ljouwert fûn waard, is noch jonger as de plysje earste tocht. Tiisdei waard der fanút gien dat it om in pitbull of stafford gie fan sa'n 14 wiken âld.
Ut ûndersyk hat woansdei bliken dien dat it bistje op syn meast seis wiken âld is, en dat it nei alle gedachten om in krusing mei in stabij giet. It bist waard woansdei út it wetter helle troch in meiwurker fan de Ljouwerter diere-ambulânse.
De plysje krige sûnt de melding fan de grouwélich tatakele pup al tûzenen reaksjes fan it publyk.