Seldsume poddestoel dûkt op op Flylân

De fjoertoer fan Flylân © Omrop Fryslân, Ronald van der Pol
Op Flylân is ein ferline jier in tige seldsume poddestoel fûn, sa meldt de Nederlandse Mycologische Vereniging woansdei. It giet om in soarte fan Ierdtong dy't foar it earst yn 2014 oantroffen is yn Zutphen. It is dus noch mar de twadde kear dat dizze soart yn Nederlân fûn is.
De poddestoel groeide yn de berm fan de dyk by de Kroonspolders.