Gemeente wol supermerken yn sintrum fan De Lemmer hâlde

It Dok op De Lemmer mei it jubileumwykein © Hielke Roelevink
Supermerken op 'e Lemmer meie net útwike nei in lokaasje bûten it sintrum fan it doarp. Guon supermerken hiene de gemeente hjir om frege. Se woene ferhúzje en útwreidzje op in plakje bûten it sintrum. Mar dat past net binnen it belied fan de gemeente De Fryske Marren.
Dy wol it sintrum krekt fersterkje. As supermerken harren bûten it sintrum fêstigje, is de gemeente benaud dat konsuminten minder nei it sintrum komme. ''En dat wolle wy seker net'', skriuwt de gemeente yn in reaksje.
De gemeente is boppedat benaud dat it ferhúzjen fan in supermerk liede sil ta leechstân yn it sintrum.