Steatsboskbehear mei kninen op Skylge net ôfsjitte litte

13 jan 2016 - 10:37
  • Jager op 'en paad foar de jacht

De Ried fan Steat hat Steatsboskbehear woansdei op de fingers tikke foar de kninejacht op Skylge. Neffens de Ried is skea oan fytspaden en tunen by fakânsjehúskes troch graafwurk fan kninen net genôch reden foar in jachtfergunning.

De faunabeskerming hie de saak oanjûn by de rjochter. Neffens de Ried fan Steat hie Steatsboskbehear better oanjaan moatten dat der troch de kninen skea ûntstiet oan lânbougewaaksen en dat der gjin oare mooglikheden binne om de skea foar te kommen.

De provinsje, dy't ferantwurdlik is foar it floara- en faunabehear, moat no earst ûndersyk dwaan nei de skea dy't kninen feroarsake.

Steatsboskbehear wol net op de útspraak reagearje, en ferwiist nei it ministearje fan Ekonomyske Saken. In wurdfierder lit witte dat se de útspraak bestudearje, en dat de steatssekretaris meikoarten in nij beslút nimme sil. Dat sil de kommende dagen lykwols noch net wêze.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)