Sterke Man Wout Zijlstra is famylje fan Grutte Pier

13 jan 2016 - 10:27
  • Sterke Man Wout Zijlstra is famylje fan Grutte Pier

Sterke man Wout Zijlstra hat it net fan frjemd. Sa't no bliken docht is Zijlstra in fiere neiteam fan Grutte Pier. Dat docht bliken út it genealogysk ûndersyk dat op inisjatyf fan Tresoar hâlden wurdt.

Neffens Zijlstra is hy troch syn mem neiteam fan Pier Gerlofs Donia, sa as Grutte Pier echt hjitte. Zijlstra hat in Pierbewiis krigen fan it Grutte Pier Undersyksteam. Op 19 juny wurdt yn Kimswert in famyljedei hâlden.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)