Dokkumers meie ideeën oanleverje foar bettere binnenstêd

13 jan 2016 - 09:37

Ynwenners fan Dokkum meie woansdeitejûn ideeën oanleverje foar de ferbettering fan de binnenstêd. De gearkomste folget op de presintaasje fan de plannen dy't de gemeente al makke hat foar it sintrum fan Dokkum.

Wichtige punten dêryn binne de ynrjochting fan De Syl en de Djipswâl en de foarmjouwing fan de tagongspoarten nei de binnenstêd lykas de Healemoannepoarte en de Aalsumerpoarte. Doel fan de plannen is de Dokkumer binnenstêd oantrekliker te meitsjen foar ynwenners en toeristen. De wurdearring moat fan in 7 nei in 9.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)