Skylge krijt nije kwelders basearre op skilderij Mondriaan

13 jan 2016 - 08:22

Fûgels en planten op Skylge hawwe fan 2018 ôf mear plak om te rêsten en te groeien. De Stjoergroep Kwelderherstel op Skylge hat tiisdeitejûn plannen presintearre oer hoe't se oan de súdkant fan Skylge kwelderrestanten behâlde wolle en nije kwelders ûntwikkelje wolle.

Kwelders binne seldsum, mar wol hiel goed foar de natuer. De iepen kwelderstruktuer fan Skylge is basearre op in skilderij fan Mondriaan. Dêrom wol de stjoergroep de kwelders yn 2018, it jier fan Kulturele Haadstêd, klear hawwe.

De kwelders wurde net tagonklik foar minsken, dat soe de natuer en de fûgels tefolle fersteure. Wol kinne minsken tenei oer de dyk by de kwelders del fytse.

Trefwurden: 
kwelder Skylge fûgels planten
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)