Plysje pakt Ljouwerter op foar wapene oerfal op juwelier

© Omrop Fryslân
De plysje hat tiisdei yn Oldemarkt in 23-jierrige Ljouwerter oanhâlden. De man hie mei in 25-jierrige Rotterdammer in juwelier oerfallen. In tredde oerfaller wist út te naaien. By de wapene oerfal rekke de juwelier ferwûne.
Omstanners binne nei de oerfal achter de dieven oan gien en wisten twa manlju te pakken te krijen. Ien oerfaller wist te ûntkommen troch mei in pistoal te driigjen.