D66: "Underhâld bosk Frjentsjer te rûch útfierd"

12 jan 2016 - 22:33
  • De Frjentsjerter bosk is te ticht beplante, neffens de gemeente

It ûnderhâld fan it Frjentsjerter bosk moat better. Dat fynt de D66-fraksje yn 'e gemeente. It wurk is útbestege oan Stichting Bosbeheer Fryslân. Sy hawwe grut materieel brûkt foar it wurk. Gefolch is neffens D66 dat op grutte skaal paden fernield binne en dat der in kealslach plakfûn hat yn 'e bosk.

Der moat neffens de demokraten in nij behearsplan komme mei ûnder oare mear oandacht foar rekreaasje.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)