Woudagemaal op fakânsjebeurs yn Utrecht

In delegaasje fan it Woudagemaal stiet fan woansdei of fiif dagen lang op de jierlikse Fakânsjebeurs yn Utrecht. Yn it diske fan Unesco-Werelderfgoed Nederland binne alle tsien wrâlderfguodlokaasjes fan Nederlân fertsjintwurdige. Mei help fan in spesjale app en de stand op de beurs hopet de organisaasje mear besikers nei it wrâlderfguod te lokjen.