Sel easke tsjin Libaneekse Ljouwerter foar minskesmokkel

12 jan 2016 - 20:48
  • Justysje

Tsjin in 46-jierrige Ljouwerter fan Libaneeske komôf is tiisdei 2,5 jier sel easke foar minskesmokkel. Hy soe tegearre mei in Syryske Zaandammer twa gesinnen út Syrië Nederlân yn smokkele hawwe. Yn in buske hellen se yn april 2014 de minsken op út Milaan en brochten se nei Ter Apel. Neffens de Syryske fertochte giet it om famylje en freonen dy't er helpe woe. It Iepenbier Ministearje hat dêr twivels oer, om't foar de smokkel betelle wurde moast.

De Syryske Zaandammer hearde 3,5 jier selstraf tsjin him easkjen. Hy soe it brein wêze.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)