It Amelân moat dochs ôfskie nimme fan De Hazze

12 jan 2016 - 20:41
  • De hazze fan It Amelân

It keunstwurk De Hazze fan It Amelân moat dochs fuort. It byld wie yn 'e Keunstmoanne novimber hiel populêr en bleau dêrnei stean. Yn desimber hat der sels in hantekeningaksje west om de hazze foar it eilân te behâlden. Mei 615 hantekens like dêr in grut draachflak foar. Mar neffens de organisaasje is ôfspraak ôfspraak en wurdt it keunstwurk noch fan 'e wike fuort helle.

De megahazze stie op in dún by de Oranjewei is yn dy tiid hûnderten kearen op 'e foto setten mei de fjoertoer op 'e achtergrûn.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)