Sakeklup Hearrenfean wol nei hast 200 sponsors mear

Sportklup Hearrenfean wol oan de ein fan dit seizoen hast 200 mear sponsors hawwe. Dat seit de foarsitter fan de sakeklup OSSH Johan van Tuinen. Op de nijjiersresepsje joech Van Tuinen oan dat it tal sponsors groeie moat fan 630 nei 800. "We moatte de boer op, de provinsje yn en by de minsken del. Dan bin ik der wis fan dat dit slagje kin."
Neffens Van Tuinen hat Hearrenfean it ôfrûne jier kommersjeel min draaid: "Troch de bestjoerskrisis kin we gewoan stelle, dat we it kommersjeel dit jier min dien ha. Dat moat en kin better."