Live NOS-tv yn Woudagemaal oer fergetten wettersneedramp

12 jan 2016 - 19:40
  • ir. D.F. Woudagemaal op De Lemmer

It Woudagemaal is woansdeitejûn dekôr fan in streekrjochte útstjoering fan de NOS. It is woansdei hûndert jier ferlyn dat der in wettersneedramp wie yn it Suderseegebiet. Nettsjinsteande de ûnbekendheid fan de ramp sil de NOS grut útpakke mei 'NOS 100 jaar droge voeten'. De presintaasje is yn hannen fan Dionne Stax.

In stoarmfloed en heech rivierwetter late yn de nacht fan 13 op 14 jannewaris ta oerstreamings. In gebiet fan Amsterdam-Noard oant Zaandam, Purmerend en Edam stie ûnder wetter. Yn Gelderlân en Oerisel brutsen diken troch.

De ramp wie de oanlieding foar de oanlis fan de Suderseewurken, mei as bekroaning de Ofslútdyk, wêrtroch't de Iselmar ûntstie. Direkteur Hilda Boesjes fan it Woudagemaal op 'e Lemmer is optein dat de útstjoering yn it gemaal plakfynt. "Wy fine it geweldich dat mei dizze útstjoering meiholpen wurdt oan de bewustwurding fan dizze ramp en it ûntstean fan de Suderseewurken", seit Boesjes.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)