Krêften bondele om skoalútfallers wer nei skoalle te helpen

12 jan 2016 - 18:06

De skoalútfal fan bern wurdt folle lytser as ynstânsjes op it mêd fan passend ûnderwiis en de jeugdhelpferliening better mei-inoar gearwurkje. In bewiis dêrfan is it Gearwurkingsferbân Fryslân-Noard. 22 skoallen út 14 gemeenten dogge dêr yn mei.

It gearwurkingsferbân iepene tiisdei in nije lokaasje oan de Melkemastate yn Ljouwert. Skoallen, mar ek Kinik fan GGZ Fryslân, begeliede de jongeren foar in beheinde perioade, wêrnei't se werom nei de âlde skoalle gean. Bern dy't oars yn de nederklits reitsje, hâlde sa in takomst.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)