Ritsma: "Reedrydwedstriden moatte ûnmisber wurde"

Reedrydwedstriden moatte wichtiger makke wurde, fynt âld-reedrider Rintje Ritsma. Op dy manier binne reedriders better motivearre om mei te dwaan. Hy seit dat yn reaksje op de útspraken fan reedrydcoach Jac Orie. Dy wol dat it KNSB nei dit seizoen sjocht nei in oare opset fan de reedrydkalinder. Mei de hjoeddeistige kalinder kieze Sven Kramer en Ireen Wüst der bygelyks foar om net mei te dwaan oan it NK allround.
Neffens Ritsma is de opset fan de kalinder gjin probleem. 'Eartiids wiene de kalinders ek al sa. Doe riedst gewoan alles."
Ritsma: "Ik kin myn ôfseine wedstriden op ien hân telle. Hjoed-de-dei kieze riders der folle gauwer foar om wedstriden sjitte te litten. Dat fyn ik apart." Soks foarkomst, neffens Ritsma, troch wedstriden ekstra oaninoar te ferbinen. "Ast dy allinnich pleatse kinst foar it WK ast genôch punten garre hast by de World Cup, dan wolst wol dielnimme oan de World Cup."