SC Hearrenfean wol fierder mei Hans Vonk as technysk manager

Sportklup Hearrenfean wol fierder mei Hans Vonk as technysk manager. Offisjeel hat Hearrenfean noch nea bekend makke, mar Omrop Fryslân hat efterheljen kind dat de klup mei Vonk fierder wol.
De oare nammen yn it managementteam moatte Danny Steenstra en Martin Koopman wurde. Koopman wurke foar it lêst as kommersjeel direkteur by Faber Haarden. Steenstra wurdt de nije finansjeel manager. Dat docht hy no ek al, mar yn de nije struktuer hat hy allinnich noch in direkteur boppe him. Dat moat Luuc Eisenga wurde.
Eisenga sil noch foar in twadde kear yn petear mei de ûndernimmingsried en it stichtingsbestjoer fan Hearrenfean.
Fierders is Chris Woerts benaderde om foar Hearrenfean op syk te gean nei in nije haadsponsor. Nei dit seizoen hâldt Univé nei fyftjin jier op. Woerts wurke earder by Feyenoord, Sunderland en bedriuwen as Coca Cola en Heineken.