ChristenUnie stelt fragen oer bannen provinsje mei Sina

Heilongjiang is de meast noardlike provinsje fan Sina © Wikicommons
De fraksje fan de ChristenUnie wol witte oft de minskerjochtesitewaasje yn de Sineeske provinsje Heilongjiang fan ynfloed west hat op it beslút fan Fryslân om saaklike bannen mei dy provinsje oan te gean. Neffens de fraksje hawwe guon minderheden, lykas kristenen en leden fan de Falun Gong, it swier yn de provinsje.
Ynze de Boer fan de fraksje jout oan dat er bot skrokken is fan de sitewaasje yn Sina. De fraksje wol dêrom witte oft de minskerjochten oan 'e oarder west hawwe yn de petearen tusken Fryslân en de Sinezen.