Suksesfol moarnsbrochje Ronald McDonald Breakfast Club

12 jan 2016 - 11:39

Op it earste moarnsbrochje fan de Ronald McDonald Breakfast Club Ljouwert binne moandei mear as 80 ûndernimmers ôfkaam. It is de bedoeling om ien kear yn de moanne sa'n moarnsbrochje te hâlden. Bedriuwen kinne der saaklike kontakten lizze.

Der is ek noch in oar doel: de bedriuwen kinne it Ronald McDonaldhûs stypje. Op termyn soe soks alle jierren 25.000 euro opsmite moatte foar it Ronald McDonaldhûs. Dat is hurd nedich, want it hûs krijt gjin subsydzje.

It Ronald McDonaldhûs is in plak dêr't âlden ferbliuwe kinne as harren bern yn it sikehûs leit. Se kinne dan altyd yn de buert wêze.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)