Drankriders krije rydferbod of moatte op kursus

12 jan 2016 - 09:59
  • (foto-ympresje)

In 23-jierrige brommerrider út Ljouwert is moandeitenacht oanhâlden omdat er mei drank op ried. De man waard op de Krijn van der Helmstrjitte oan de kant set. Der is proses-ferbaal tsjin him opmakke en hy mocht 7 oeren net ride.

In automobilist út Lippenhuzen rekke syn rydbewiis kwyt om't hy mei drank op achter it stjoer siet. De drankrider waard op de Slúsleane oan de kant set. Hy is ek oanmelden foar in alkoholkursus.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)