Stiet de bêste bakkerswinkel fan Nederlân yn Frjentsjer?

12 jan 2016 - 07:48

In spannende dei foar Echte Bakker Van der Kloet yn Frjentsjer. De winkel is nominearre foar de titel bêste bakkerswinkel fan Nederlân. De winner wurdt yn de RAI yn Amsterdam bekend makke.

De bakker yn Frjentsjer sit yn it ryksmonumint Camminghastins yn it sintrum fan de stêd, it eardere gebou fan de Friesland Bank. Eigener Joop van der Veen fan de bakkerswinkel sit noch net sa lang yn it gebou. Hy hat ek in spesjale romte ynrjochte mei keatsguod.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)