Amazône Rixt van der Horst hat reservehynder foar Rio

Paralympysk amazône Rixt van der Horst fan Grou hat in reservehynder, en dêrmei komt Rio foar har in hiel ein tichteby. Har dielname oan de Paralympyske Spelen stie faai. Se hie mar ien hynder en as dy in blessuere krije soe, dan koe se net nei de Spelen.
Mei finansjele stipe fan de Hendrik- en Anne Bosma Stichting út Jobbega kin Van der Horst no in hynder lease. Dêrmei kin se har kwalifisearje foar de Paralympyske Spelen yn Rio.
Van der Horst makket diel út fan de Nederlânske Paralympyske seleksje mei har hynder Uniek. Yn 2014 wûn Rixt twa gouden medaljes en ien sulveren teammedalje.
Dyselde prestaasje levere se yn 2015 by de Europeeske kampioenskippen. Yn 2014 waard se útroppen ta 'paralympysk Sporter fan it jier' op it Frysk Sportgala. Dêr is se ek dit jier wer foar nominearre.
De Hendrik- en Anne Bosma Stichting hat Van der Horst al ris earder sponsore. De Stichting jout stipe oan partikulieren en organisaasjes dy't har dwaande hâlde mei hynstesport foar minsken mei in beheining yn Fryslân.
De stichting seit optein te wêzen dat se in sponsorbydrage leverje kinne oan in tige talintfolle Fryske topsportster op wei nei de Paralynpyske Spelen yn Rio de Janeiro 2016.