Syktocht nei bedriuwen Cambuurstadion rint fertraging op

De ynfolling fan bedriuwen yn it nij te bouwen Cambuurstadion is noch net klear. It wie de bedoeling dat ein 2015 dúdlik wêze soe oft der genôch kommersjele partijen wiene om de bou fan it stadion mooglik te meitsjen. It docht bliken dat soks net helber is. De projektûntwikkelers hoopje de saak yn de kommende trije moannen klear te krijen.