Sikehûs MCL stiet dit jier grutte feroarings te wachtsjen

11 jan 2016 - 18:31

It Medisch Centrum Leeuwarden stiet yn 2016 grutte feroarings te wachtsjen. Dat sei direkteur Kees Donkervoort moandeitemiddei op de nijjiersresepsje fan it sikehûs. Belangrykste feroaring is it ynfieren fan in nije digitale omjouwing wêrmei pasjinten sels harren dossier ynsjen kinne. Ek binne der konkrete plannen foar fer- en nijbou dit jier.

Yn april wurdt it nije Epic-systeem ynfierd. Der sille yn dy perioade minder minsken terjochte kinne yn it sikehûs. Oare sikehuzen is frege om ekstra pasjinten op te nimmen.

Persoaniel is frege om om dy datum hinne gjin fakânsje te nimmen. Goed trijetûzen meiwurkers krije in training om goed om te gean mei it systeem.

De fer- en nijbouplannnen gean oer in fernijing fan it OK-kompleks en de ferbou fan de dokterswacht. Dy plannen wienen earder op in sêft sin set, omdat soarchfersekerder De Friesland gjin finansjele garânsjes jaan koe. As de ûndernimmingsried grien ljocht jout, kin noch dit jier begûn wurde mei de bou, sa ferwachtet direkteur Donkervoort.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)