Spesjaal telefoannûmer foar pasjinten mei 'delier'

Sikehûs Nij Smellinghe yn Drachten
Sikehûs Nij Smellinghe komt mei in spesjaal telefoannûmer dat personiel belje kin om spesjalisten yn te skeakeljen, as in pasjint in saneamde 'delier' krijt. Minsken binne dan yn de war. Dat komt benammen âldere minsken oer as se yn it sikehûs lizze. As dat bart, kinne ferpleechkundigen fan it sikehûs no de 'deliertelefoon' belje. In spesjalist kin harren dan fertelle wat der barre moat.
De pasjint krijt op dy wize bettere soarch en de famylje kin ek better bypraat wurde oer wat der mei de pasjint is.