Materiaal stellen fan bouplak eardere De Terp

It gebou fan de eardere Terp wurdt op dit stuit ferboud foar studintehúsfesting © Onmrop Fryslân
Yn it eardere gebou fan dakleaze-ûnderkommen De Terp oan de Gouden Regenstrjitte yn Ljouwert is yn it wykein ynbrutsen. It gebou wurdt ferboud foar studintehúsfesting. De stekken om it bouplak binne fuorthelle. Oan de achterkant fan it gebou is in plaat fuorthelle om deryn te kommen. Der binne koperen buizen en stroomkabels stellen.
It boubedriuw hat oanjefte dien fan de stellerij. De plysje freget tsjûgen om harren te melden.