Heechhûs krijt 15.000 euro foar nij meubilêr út Oranje Fûns

It Heechhûs krijt 15.000 euro út it Oranje Fûns
Besikers fan It Heechhûs yn Heech kinne oer in oantal wiken better sitte. It doarpssintrum hat 15.000 euro krigen fan it Oranje Fûns en dêrfan wurdt it meubilêr fernijd. De meiwurkers hoege tenei net mear te slepen mei swiere stuollen, it is lichter en kin opklapt wurde.
It Oranje Fûns stipet jierliks 7500 sosjale inisjativen.