Beleanning fan 500 euro foar gouden tip brân Frjentsjer

11 jan 2016 - 10:31

De bewenners fan in hûs oan de Frisia yn Frjentsjer hawwe in beleanning fan 500 euro oer foar tips dy't liede ta de oanhâlding fan de lju dy't yn de nacht fan snein op moandei harren konifearen en konteners yn de brân stutsen hawwe. De bewenners waarden wekker fan de hûnen en de buorlju dy't warskôgen foar de brân.

Se koene mei de bern bûtendoar komme en de auto yn feilichheid bringe. De bewenster rekke ûnder it blussen ferwûne oan har foet en moast foar behanneling nei it sikehûs.

Neffens de bewenners wiene se earder op de dei mei de dea bedrige en lei der in bierfleske by harren garaazje. De bewenster die har oprop op Facebook.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)