Kollum: "'Naaktslakken' sûnder 'koppie koppie'"

11 jan 2016 - 08:40
  • De Toan fan Nynke van der Zee

Alle wurkdagen om 8:15 oere is it yn Fryslân fan 'e moarn tiid foar de kollum. Op moandei de radiokollum fan Nynke van der Zee fan Aldegea (Smellingerlân). Nynke is freelance-tekstskriuwer en ek wurket sy geregeld as buroredakteur op de redaksje fan Omrop Fryslân. Nynke skriuwt kollums sa’t sy sels is: nuchter, mar eins altyd mei in knypeach.

"Foarige wike hie ik it oer iishockey en de wike dêrfoar oer it reedriden. Heech tiid om no nei dy oare prachtsport te gean: fuotbal. Wy sitte op dit stuit yn de winterstop, dus efkes wat minder fuotbalnijs. Mar gelokkich bliuwt der ek as der net fuotballe wurdt, genôch om oer te skriuwen. Sa seach ik ôfrûne wike twa berjochten lâns kommen, dy’t myn wynbrauwen in freugdedûnske meitsje lieten.

Litte we begjinne mei it lêste nijs dat fuotbalboeven Michel Platini en Sepp Blatter yn heger berop gean tsjin harren skorsing. Efkes in koarte gearfetting foar wa’t sa ferstannich is om gjin fuotbalnijs te lêzen. Platini wie oant oktober ferline jier foarsitter fan de UEFA. Yn desimber waard er skorst nei’t er samar ynienen twa miljoen krige fan FIFA-foarsitter Sepp Blatter. Sepp waard op syn beurt ek skorst, om’t er krekt wat te skeutich mei it FIFA-jild struide. Stoute jonges dus, fuoi.

Sawol Platini as Blatter falle yn de kategory 'ongure types'. Blatter hat in kilometerlange list fan omkeapskandalen achter syn namme stean, mar ropt toch by heech en leech sa ûnskuldich as in krekt berne lamke yn de kryststâl te wêzen. Njonken jild struit er ûndertusken ek mei syn miening. Sa liet Sepp in oantal jier lyn witte dat er in skythekel hat oan fuotbalfedette Christiano Ronaldo. En lit dat no tafallich de man wêze dy’t de haadrol spilet yn myn twadde fuotbalberjocht.

Ik moat earlik wêze: ik skrok der fan doe’t ik de kop lies. ‘Christiano Ronaldo moest als kind zelf zijn kleding strijken’. Yn it artikel fertelt in emosjonele Ronaldo oer syn swiere bernejierren. “Ik was een tiener, maar moesten dingen doen die alleen volwassen mannen doen.” Syn eigen klean strike bygelyks. Heftich nijs. Ferjitst fuortendaliks al dy 'kindsoldaten' yn Afrika en dy oarlochswezen yn Rwanda. Jo eigen klean strike. Earme, earme Ronaldo.

Hy is der mentaal sterker fan wurden, lit it wûnderbern yn it artikel witte. Efkes foar de 'goeie orde'. Dit is dus de man dy’t yn in wedstriid trije kear nei de kapper giet. Dy’t nei in tackel op syn foar miljoenen fersekere ankels oer it fjild rôlebollet en in toanielstik opfiert, dêr’t se by Tryater jaloersk op binne. De man dy’t it lestich fynt om himsels te ferbetterjen, om’t er ommers al praktysk perfekt is. Dy’t himsels ôfdrukke lit op in 19 meter hege billboard, mei inkeld in krekt wat te strakke ûnderbroek oan. En dy’t gûle moat as in lyts jonkje wannear’t er in wedstriid ferlern hat. Mei oare wurden: in mentaal stérke man.

Platini, Blatter en Ronaldo litte mar wer ris sjen hoefolle minsken mei in nuver kronkeltsje yn de holle oft der stikem bûten GGZ-ynstellings wenje. Ik tink dat it trio yn harren fuotbalkarriêre krekt wat te folle ballen fuortkopt hat. Dy hurd oppompte learen dingen dy’t mei 50 kilometer yn de oere op dyn harsenpanne útien spatte, hawwe krekt wat te folle grize massa yn de boppekeamer 'om sjippe holpen'.

De moraal fan dit fuotbalferhaal? Fan te folle koppen rint dyn 'koppie koppie' stadichoan werom oant it nivo fan in 'naaktslak'. Dat blykt mar wer."

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)