Sven Kramer lit NK allround sjitte

10 jan 2016 - 17:32

Sven Kramer melde snein nei syn Europeeske titel dat er it NK allround yn Thialf sjitte lit op 22 oant 24 jannewaris. Hy jout de foarkar oan in trainingskamp yn Spanje mei de hurdfytsers fan syn ploech LottoNL-Jumbo. Kramer komt ein jannewaris wer op it iis by de wrâldbeker yn it Noarske Stavanger.

Nei syn Europeeske titel hoecht er him by it NK allround net mear te pleatsen foar it WK allround begjin maart yn Berlyn. Hy wol him no rjochtsje op de WK ôfstannen heal febrewaris yn Ruslân. In trainingskamp yn Spanje past dêr better by.

Trefwurden: 
Sven Kramer reedriden
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)