Sven Kramer foar achtste kear Europeesk kampioen

Sven Kramer is yn it Wyt-Russyske Minsk foar de achtste kear Europeesk kampioen allround wurden. De reedrider (29) wie op de lêste ôfstân, de 10 kilometer, mei 13.11.99 te sterk foar syn tsjinstanner Jan Blokhuijsen. Kramer wûn de 10 kilometer yn in baanrekôr.
Hy hie op de eardere trije ôfstannen op it EK allround goeie saken dien en stie al earste yn it klassemint foar dat er oan de 10 kilometer begjinne moast. De sulveren medalje wie foar de Belch Bart Swings en it brûns wie foar Jan Blokhuijsen.