SCO ûnderút tsjin Wageningen

Yn de haadklasse B fan de kuorbalkompetysje is SCO út Aldeholtpea der net yn slagge om te stunten tsjin koprinner Wageningen. Yn sporthal De Steense yn Wolvegea gie de ploech fan trainer Aegle Frieswijk mei 29-23 ûnderút. Yn de earste helte koe SCO noch ridlik bybliuwe. By it skoft stie it 10-12. Yn de twadde helte waard Wageningen dominanter en fia 16-12 en 23-17 rûn de koprinner úteinliks út nei in 29-23 oerwinning.
Troch dizze útslach bliuwt Wageningen koprinner en bliuwt SCO hingjen yn de brede middenmoat.