Enkête seit: Frjentsjerters binne freonlik, nochter, rêstich

10 jan 2016 - 15:32

Ynwenners fan Frjentsjer binne freonlik, nochter, rêstich en bytiden justjes arrogant. As der in ansichtkaart makke wurdt fan de stêd, moat it Sjûkelân der sintraal op stean, of oars it Planetarium of it stêdhûs. Dizze ynformaasje komt út in enkête fan Bestemming Noardwest dy't online ynfolle wurde kin.

Bestemming Noardwest is in nije gearwurking fan it toeristysk en rekreatyf bedriuwslibben mei de oerheden yn de regio. De enkête moat munysje opsmite foar it ûntwikkeljen fan in bettere promoasje fan Frjentsjer.

De suggestje foar in nije slogan, "Franeker is prettig gestoord", kaam fan in dielnimmer dy't referearret oan de eardere behanneling fan psychiatryske pasjinten yn Grut Lankum yn de stêd. De enkête is noch yn te foljen oant tiisdei 12 jannewaris.

Trefwurden: 
Frjentsjer enkête
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)