Learlingen nimme ôfskied fan OBS De Welle yn Koudum

10 jan 2016 - 14:29

Learlingen, âld-learlingen en personiel ha sneon ôfskie naam fan OBS De Welle yn Koudum. De basisskoalle stiet no leech omdat de twa basisskoallen fan it doarp ûnder ien dak fierder gean yn in nij skoalgebou. In soad minsken dy't har ferbûn fiele mei De Welle woenen mei in feest ôfskie nimme fan it âlde gebou dat sûnt 1973 yn gebrûk west hat.

Middeis wiene der foaral aktiviteiten foar de hjoeddeistige learlingen, mar dêrnei wie der romte foar âld-learlingen mei ûnder oare in grut ôfskiedskonsert.

Trefwurden: 
OBS De Welle Koudum skoalle
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)