Dyk N354 by Tsienzerbuorren moat feiliger

10 jan 2016 - 12:54

Bestjoerders soenen op de provinsjale dyk nei Snits by Tsienzerbuorren net hurder as 60 kilometer yn de oere ride moatte. Dy ferleging fan 80 nei 60 stiet yn in einadvys fan in provinsjale projektgroep dêr't omwenners op reagearje kinne. De provinsje wol de N354 feiliger meitsje. Yn it advys stiet ek dat de markearrings op de hiele Snitserdyk oanpast wurde moatte.

Ek mei de krusingen by Easterwierrum en Raerd moat wat barre. Mooglik wurde it saneamde ovondes. Fierder moat it sicht op de dyk better wurde troch beplanting fuort te heljen.

Omwenners binne útnûge om dêr op 25 jannewaris oer mei te praten yn Raerd.

Trefwurden: 
N354 dyk feilich Snits
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)