Plysje kontrolearret op mobyl banditisme

Ferkearskontrôle © ANP
Op ferskate plakken hat de plysje sneon kontrolearre op mobyl banditisme. It ferkear is op tal fan tagongsdiken kontrolearre. Tsientallen auto's en har ynsittenden binne sa besjoen en befrege. It die bliken dat meardere bestjoerders noch in boete betelje moasten, in belestingskuld hienen of in finzenisstraf útsitte moasten. Yn guon gefallen is it rydbewiis ynnaam en is de auto yn beslach nommen. Yn ien auto binne skroevedraaiers fûn.
Mei mobyl banditisme wurde (ynter)nasjonaal rûnreizgjende kriminele groepen bedoeld, dy't ynbrekke en stelle. Mobile dieders binne yn groepen organisearre en brekke yn koarte tiid yn en lûke dan wer fierder.