Dief trappearre by miljeustrjitte yn Boalsert

Oanhâlding © ANP
De plysje hat yn Boalsert sneontenacht in 49-jierrige man trappearre by it stellen fan guod út konteners by de miljeustrjitte oan de Exmorraweg. De plysje krige in melding dat in bestelbus yn de buert fan de miljeustrjitte parkeard stie. Yn de bus lei guod dat mooglik stellen wie. Letter hearde de plysje lûden by de konteners by de ôffalferwurker.
De man naaide út doe't de plysje kaam. Mei help fan in plysjehûn koe er op it terrein oanhâlden wurde. De hûn biet de man yn de skonk. It giet om in ynwenner fan Súdwest-Fryslân. Hy is ynsletten.