VVI Jiskenhuzen wint ferrassend iepen FK sealfuotbal
De sealfuotballers fan VVI út Jiskenhuzen binne sneon de ferrassende winner wurden fan de 29e edysje fan it iepen Frysk kampioenskip sealfuotbal. VVI wûn de finale mei 2-1 fan de sealfuotballers fan it Grinzer Drs. Vijfje. De Grinzer studinten namen in 1-0 foarsprong, mar troch in doelpunt fan Appie Avinash pakte VVI de flak foar tiid de lykmakker. In de ferlinging makke dyselfde Avinash de winnende goal (sudden death) en pakt VVI de 1000 euro oan winnersjild.
De tredde prizen wiene foar Stiens en Waterpoort Boys.