Sealfuotbalfroulju VIOD ferspylje Fryske titel

De sealfuotbalfroulju fan VIOD út Driezum binne der sneon net yn slagge harren titel te prolongearjen by it iepen Frysk kampioenskip sealfuotbal. Yn Frjentsjer gong de winst nei de froulju fan Nieuw Roden. Yn de finale ferlearen de froulju fan VIOD mei 1-0. It doelpunt foel yn de slotfaze fan de wedstriid en ûntstie út in ûngelokkich momint fan VIOD-keepster Anna Reitsma. Doe't sy de bal útskoppe soe, fleach har skoech út. Nieuw Roden profitearre troch de winnende treffer te meitsjen.
Avanti út Stiens en Drachtster Boys waarden tredde.