SC Hearrenfean wint oefenwedstriid mei 4-0 fan Telstar

09 jan 2016 - 17:00

SC Hearrenfean pakte sneon in 4-0 oerwinning yn de oefenwedstriid tsjin Telstar. Yn Velsen-Zuid sette Henk Veerman yn de 26e minút de iepeningstreffer op it boerd. In eigen doelpunt fan Edo Knol soarge dat de ploech fan trainer Foppe de Haan op in 2-0 foarsprong kaam. Sam Larsson soarge foar it skoft foar de komfortabele 3-0 rêststân.

Yn de twadde helte sakke de wedstriid yn. Ynfaller Michell Te Vrede tekene foar de fjirde Feanster treffer en sette dêrmei de einstân op it boerd.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)