"Wethâlder Boon fan Harns yn problemen troch rekkens"

Wethâlder Harry Boon fan de gemeente Harns is neffens de Harnzer Krante yn problemen brocht troch e-mails út syn tiid dat er noch haad iepenbiere wurken fan de gemeente wie. Hy soe doe rekkens trochskood hawwe nei fêstgoedman Wopke Klaver. Dy rekkens soene dan letter ferrekkene wurde mei de oanlis fan in rioelbuis foar de nije wenwyk Ludinga oan de eastkant fan Harns, dêr't Klaver ek by belutsen is.
De gemeente is op dit stuit ferwikkele yn in rjochtsaak tsjin deselde Klaver. Boon sei earder dat beide saken neat mei-inoar te krijen hawwe.