Winaam krijt opknapte skilderijen Ids Wiersma werom

09 jan 2016 - 12:42

Twa skilderijen fan Ids Wiersma binne restaurearre en wer te plak yn Winaam. De doeken hingje yn it archeologysk stipepunt yn de eardere konsistoarje fan de tsjerke. De skilderijen binne mear as hûndert jier âld. De saneamde 'skoarstienpanielen' wiene troch waarmte, focht en sigarerook sa min wurden dat se opknapt wurde moasten. Dat is dien en no is der wer kleur te sjen yn stee fan donkerbrún.

Op de twa skilderijen binne doarpsgesichten te sjen fan Winaam mei in prominint plak foar de tsjerke. De restauraasje hat trijetûzen euro koste.

De skilderijen binne bysûnder foar it doarp, want Ids Wiersma hat dêr wenne en wurke.

Trefwurden: 
Ids Wiersma skilderij Winaam
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)