Middenstân Wolvegea wol leechstân winkels foarkomme

Winkellju yn Wolvegea moatte yn aksje komme, sizze foarsitters Bert Piest en Freddy Ranft fan de pleatslike middenstânsferiening. Ien op de trije winkels driget ticht te gean. Undernimmers hawwe gjin opfolgers en minsken bestelle hieltyd faker fia ynternet.
De middenstânsferiening hat besletten dat de ûndernimmers mei-inoar de kânsen en mooglikheden besprekke moatte. Dy petearen stean ûnder lieding fan ûnôfhinklike saakkundigen lykas in notaris en wethâlder Plekkenpol.
'De winkelstraat in Wolvega dreigt een gatenkaas te worden' seit Piest. 'We moeten misschien door de winkelstraat kleiner en compacter te maken die gaten weer opvullen'.