Dronken stappers sykje rûzje en pisje tsjin gevel

09 jan 2016 - 10:32

De plysje hat freedtenacht yn Ljouwert de hannen fol hân oan twa Ljouwerters fan 20 en 21 jier. De manlju soargen earst foar problemen yn de Alde Doelestege. Dêr makken se rûzje en der ûntstie fjochterij. De plysje hat de groepen útinoar helle. Eefkes letter moast de plysje op 'e nij yn aksje komme tsjin de Ljouwerters doe't se tsjin de gevel fan in fytsestalling oan pissen.

De manlju wiene dronken. Se hawwe ferskate bekeurings krige. Se meie takom heal jier net yn de fytsestalling komme.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)